Kursus Sealtersk | fan Pyt
Kramer mei help fan Margaretha Grosser |
Thússide kursussen |
|
|
Mear oer de
eftergrûn fan de tapaste ûnderdompelingsmetoade is te
finen op http://olle-kjellin.com/SpeechDoctor/ProcLP98.html |
Ynlieding
Dizze kursus is in tige útwreide en ferbettere
útfiering fan in eardere kursus fan trije lessen. Hy is makke
nei foarbyld fan de aardich rinnende kursus Frysk,
dy't mear as tûzen bisites yn'e moanne krijt.
De 15 lessen befetsje de 197 meast foarkommende wurden, wêrmei't
65% fan 'e deistige spraak
omfette wurdt. Fierders kamen der ek noch ferskate oare wurden en
foarmen by, dy't nedich wiene om goede petearen te krijen; de wurdlist befettet no 478 dêrfan. Op dy wize krijt de learling
in goede begjinkennis fan'e praktyske taal. De lêste les
behannelt wat aparte gefallen.
Foar alle lessen haw ik it tal oefeningen* flink fergrutte, dat
de brûker krijt de gelegenheid om him /har yngeand mei de taal
dwaande te hâlden en der goed gefoel foar te krijen.
*Der binne no sa'n 600 oefeningen, dêr't
de helte fan "programmearre" is, d.w.s. in ynboude
korreksje hat.
By elke les kin in aparte wurdlist oproppen wurde, dy't de nij
learde wurden sjen lit, tagelyk mei de Fryske oersetting en
mûglike opmerkings foar algemiener gebrûk.
Der is ek in "waaksende spraakleare" oanwêzich, dêr
't de nije wurden yn in grammatikaal skema yn oardere binne, wat
oan 'e ein in "woeksene spraakleare" oplevert, mei in
aparte list fan tiidwurden
en getallen.
It earste foarkommen fan in wurd yn'e lessen kin mei help fan in
alfabetyske list samar weromfûn wurde. Fierders binne der
oersichten fan'e Sealter útspraak en stavering. Oan 'e ein wurdt wiisd op materiaal om fierder te studearjen.
In ljochtsjend foarbyld by dizze kursussen wiene foar my de
on-line kursussen Bretonsk.
By it útsykjen fan 'e oefeningen hie ik gâns nut fan myn
ûnderfining as dosint Nederlânsk as twadde taal.
Opset fan'e kursus: De earste les begjint mei in tige
ienfâldich petear, wylst yn'e lettere lessen hieltyd hegere
easken oan'e studearjenden steld wurde. Yn elke les krijt de
studint daliks sprutsen Sealtersk te hearren sûnder tekst. Dêr
wurde dan wat fragen oer steld, om de selswurksumens te
befoarderjen. Dan moat men in sprekker neisizze en dan syn rol yn
it petear oernimme. Sa wurdt de krekte útspraak oefene, sûnder
dat men troch de tekst steurd wurdt. Tagelyk krijt men al wat
gefoel foar de taal en men wit wat te sizzen! Dat is noch mear it
gefal yn'e folgjende lessen, dêr't de teksten te lang binne om
se te ûnthâlden, dat de brûker wurdt dan twongen ta
ymprovisaasje.
Dat selde wurdt nochris dien mei de skreaune tekst der njonken,
wêrby't de studint oantrúnd wurdt de list mei nije wurden en
syn waaksende spraakleare yn te sjen. Dan komme de oefeningen,
lykas oersette, ferstean, wier/ net wier, meitsje in goede sin,
typ it goede wurd en skriuw en sprek. Sa is de studearjende drok
mei de tekst oan 'e gong, wêrtroch't de taal op in natuerlike
wize leard wurdt.
Foar de dúdlikens wurde skiedbere tiidwurden altyd apart
skreaun, b.g. fääre gunge ynstee fan fääregunge
'fierdergean'.
It Sealtersk hat net folle dialektferskaat. Dizze kursus is
basearre op'e tongslach fan Roomelse. In pear ôfwikings binne
yn'e wurdlist oanjûn mei U (Uutände/ Strücklingen), S
(Scharrel).
Tige tankje wol ik Margaretha Grosser foar har ûnmisbere help,
lykas ek Thomas Göppel foar it gebrûk fan
syn website Allezhop.de.
As der fragen binne, skriuw dan dochs.
Dat jildt ek foar technyske problemen.
De lettergrutte is yn te stellen troch boppe (yn
Internet Explorer) te klikken op Beeld en dan op
Tekengrootte.
2 desimber 2006, Pyt Kramer.